Krim
skiereilân yn de Swarte See en de See fan Azov / From Wikipedia, the free encyclopedia
De Krim (Oekraynsk: Крим - Krym, Russysk: Крым - Krym, Krimtataarsk: Qırım) is in Oekraynsk skiereilân yn de Swarte See en de See fan Azov. De oerflakte is 27.000 km² en yn 2001 wennen der yn totaal [1] 2.413.228 minsken. Op de Krim leit de autonome Krimrepublyk mei as haadstêd Simferopol. It wichtigste havenplak is Sebastopol oan de Swarte See, dat gjin ûnderdiel fan de Krimrepublyk is, mar yn de Oekraïne in aparte status hat. Bekend is ek it baaiplak Jalta. Oare plakken fan belang binne Feodosia, Kertsj, Bachtsjisaraj en Hoerzoef.